Bou provinsjehûs wer los

24 aug 2009 - 11:16
  • De bou fan it provinsjehûs is wer los

De bou fan it nije provinsjehûs yn 'e binnenstêd fan Ljouwert is moandei wer út ein set. Dy bou waard koartlyn stillein fanwege problemen by it oanbringen fan de fundearring. De oannimmers dy't mei-inoar it nije provinsjehûs bouwe hawwe dêr yntusken in oplossing foar betocht.

Der is moandeitemoarn ek begûn mei de ynstallaasje fan in grutte kraan. Dy't wurdt de kommende tiid ynset by de nijbou. De Twibaksmerk is moandei en tiisdei ôfset foar al it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)