Bou Provinsjehûs stillein

19 aug 2009 - 14:10
  • It wurk oan de fundearring fan it provinsjehûs leit al in hiel skoft stil

Der binne problemen mei de bou fan it provinsjehûs yn Ljouwert. De steatefraksje fan 'e FNP meldt dat it wurk foar in part stilleit om't der problemen binne mei de oanlis fan de nije fundearring. Dit wurk hie foar de simmer begjinne moatten.

Neffens de FNP is it sa dat omheechkommend grûnwetter it sân by de fundearringspeallen fuortspielt. De partij wol wite wat de gefolgen fan de fertraging binne, sawol foar it tiidspaad as foar it jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)