Bou parkeargaraazje fertrage

25 okt 2007 - 09:57

De bou fan de parkeargaraazje by de Lemmerdyk yn Snits liket fertraging op te rinnen. Oarsaak is de ferhuzing fan in wenwein dy't no noch op it plak stiet dêr't de garaazje komme moat.

De wenwein soe neffens it kolleezje fan B en W nei in kampke lân oan de Woudfeart moatte, mar dêr binne de nije buorlju fan de wenwein poer op tsjin. Ek de riedsfraksjes wolle dat it foarstel better ûnderboud wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)