Bou op Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean kin los

14 jan 2016 - 13:45

Op de braaklizzende boulokaasje oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean wurdt lang om let boud. It terrein leit der al jierren fertutearze by. De gemeente hat as eigener fan de grûn ynstimd mei de bou fan in wen- en bedriuwsgebou.

Dêryn komt ûnder oare in fêstiging fan de spylautomatehal Flash. Dy sit no noch oan de súdkant fan de boulokaasje. Op de earste ferdjipping komme hierapparteminten. De nijbou bart yn twa fazen, troch de Feanster boubedriuwen RnD Bouw en Friesbouw.

It nije gebou komt yn it midden oan de westkant fan de Gedempte Molenwijk. Dêr waard yn 2000 in âld winkelgebou sloopt, yn 2010 folge diskoteek Bacchus. Sûnt dy tiid is it terrein ôfsletten mei in sket.

Omdat it bouplan foar it grutste part binnen de besteande regels past, kinne de fergunningen ferliend wurde. De gemeenteried nimt yn febrewaris in beslút oer de finansjele ôfwikkeling fan de sloop, boaiemsanearring en ferkeap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)