Bou Olympysk doarp útein set

05 jun 2014 - 06:51
  • De opbouw fan it doarp
  • De opbouw fan it doarp
  • Special Olympics 2014

Oer rom in wike is it safier. Fan freed 13 juny oant en mei snein 15 juny wurde op It Hearrenfean en yn Snits de Special Olympics Nasjonale Spelen holden. Sa'n 2000 sporters mei in ferstanlike beheining dogge mei oan it evenemint. Dêrnjonken binne der mar leafst 1500 frijwilligers yn it spier om dizze Spelen ta in sukses te meitsjen.

Mar foardat it safier is moat der in hiel Olympysk doarp op It Hearrenfean boud wurde. Dêr wurdt op dit stuit hurd oan wurke. Omrop Fryslân radio seach hoefier de organisaasje is mei de bou fan dat doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)