Bou nije huzen yn Beetstersweach

01 sep 2004 - 11:35

Beetstersweach krijt nije huzen. Oer sa'n fjouwer jier moatte dy der stean. De gemeente keapet foar goed 1 miljoen euro it gebou De Skeakel. De lêste jierren siet der in opliedingssintrum yn. Op it plak fan it gebou kinne tsientallen hûzen delset wurde.

De gemeente hat ferlet fan nije huzen. Yn Beetstersweach siet de wentebou al jierren op slot. Oan de iene kant troch de gemeentegrins en oan de oare kant troch de bosken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)