Bou nij gemeentehûs Kollum begûn

27 sep 2001 - 00:00

Yn Kollum wurdt tongersdeitemiddei offisjeel út ein set mei de bou fan it nije gemeentehûs. It hat jierren duorre foardat men it yn Kollumerlân iens wie oer de lokaasje foar de nijbou.

B&W woene it graach op de lokaasje Westenstein ha, wylst guon partijen de foarkar joegen oan in plak yn it sintrum. Uteinlik hat in mearderheid keazen foar in plak oan de râne fan it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)