Bou MFS Broeksterwâld begûn

05 mrt 2012 - 16:57

It hat al mei al sa'n njoggen jier duorre mar moandei koe nei in lange striid dochs úteinset wurde mei de nijbou fan it multyfunksjoneel sintrum yn Broeksterwâld. De nijbou hat sa lang op him wachtsje litten om't de plannen foar it doarpshûs folle djoerder wiene as begrutte en de gemeente woe dat earst net betelje.

Yn novimber 2010 kaam dan dochs it berjocht dat de gemeenteried fan Dantumadiel ynstimde mei in ekstra bydrage. It folsleine nije doarpshûs moat yn 2013 klear wêze.

De planning is dat de earste faze septimber dit jier al yn gebrûk naam wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)