Bou MFC Aldwâld is begûn

13 jan 2007 - 12:14

De earste stien fan it nije multyfunskjonele sintrum yn Aldwâld is sneon lein. It nije gebou oan de Wygeast wurdt brûkt troch alle ferienings en it pjutteboartersplak.

Der hat earder in soad te dwaan west oer de lokaasje fan it sintrum. It komt no njonken de kristlike basisskoalle. De iepenbiere skoalle hie it sintrum leaver earne oars hân. Neffens it stichtingsbestjoer binne alle problemen achter de rêch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)