Bou iishal gund oan Friezen

26 mrt 2014 - 14:55

De boubedriuwen Dijkstra Draisma en Jorritsma hawwe ynearsten de oanbesteging fan de nije iishal yn Ljouwert wûn. Neffens de gemeente Ljouwert hawwe de boubedriuwen in ûntwerp betocht dat ûnder oare foldocht oan de easken foar duorsumens. Dy nije hal mei in baan fan 400 meter moat juny 2015 klear wêze. De gemeente ferhiert him dan oan de Stichting IJshal Leeuwarden.

Mochten der gjin beswieren tsjin de oanbesteging komme, dan wurdt dy definityf. De ynvestearring is 21,7 miljoen euro, dêrfan betellet de provinsje 10 miljoen.

Dijkstra Draisma en Jorritsma makken koartlyn noch sûnder sukses beswier tsjin de gunning fan in nij Thialf op It Hearrenfean oan Ballast Nedam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)