Bou huzen Bûtenpost jier earder?

13 sep 2003 - 00:00

De bou fan wenwyk Mûnewyk yn Bûtenpost begjint mooglik earder as pland. De gemeente Achtkarspelen besiket de bou in jier nei foaren te heljen, om sa mear romte op de wenningmerk te krijen.

Yn de grutste doarpen yn Achtkarspelen binne te min hûzen om oan de fraach te foldwaan. Yn Bûtenpost wurdt al oan de earste faze fan it plan Mûnewyk wurke. De twadde faze soe mooglik takom jier al oanpakt wurde kinne. Dat soe nochris fyftich ekstra nije hûzen opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)