Bou hûskes Flylân stillein

14 apr 2004 - 00:00

De stifting Rekreaasjebelangen Flylân moat fuortdaliks ophâlde mei de bou fan seis rekreaasjewenten op it park Ankerplaats op Flylân. Dat hat de rjochtbank bepaald yn in koart pleit. Dat wie oanspand troch Steatsboskbehear en de stifting dy't de Ankerplaats beheart.

De stifting Rekreaasjebelangen Flylân wie mei de bou fan de wenten begûn sûnder dat Steatsboskbehear tastimming jûn hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)