Bou Hoxwierstate kin fierder

23 apr 2009 - 22:18

De bou fan de Hoxwierstate by Mantgum hoecht net stillein te wurden. Tsjinstanders fan de bou hiene dêr om frege, mar sy krigen gjin gelyk fan de Raad van State. Dit ta grutte opluchting fan arsjitekt Syb Eldering. Hy hat de boutekeningen fan Hoxwier makke, mar sil der ek sels wenje.

Omwenners fersette har tsjin de state, omdat se fine dat er dêr net past. Histoarisy binne der ek op tsjin, sy sizze dat de state net liket op hoe't dy froeger west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)