Bou Harmoniekwartier fan start

23 okt 2014 - 14:44
  • De bou fan it Harmoniekwartier yn Ljouwert
  • Drokte by it bouterrein fan it Harmoniekwartier

De bou fan it Harmoniekwartier yn Ljouwert is útein set. Tongersdei wurdt de bou feestlik start mei optredens fan learlingen fan D'Drive, de kultuerele oplieding fan it Friesland College. Fan augustus ôf ha dy har thúsbasis yn it Harmoniekwartier en ek it Poppoadium krijt dêr syn plak.

It Poppoadium en D'Drive sille fiergeand mei elkoar gearwurkje. De learlingen fan de oplieding kinne sawol foar as efter de skermen oan it wurk. As de gearwurking goed rint, wolle se ek konakt sykje mei de Harmonie, it filmhûs en de Academie voor Popcultuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)