Bou grutte wynmûnen Wûns mei

21 feb 2007 - 20:53

De bou fan fjouwer grutte wynmûnen oan de noardkant fan de A7 by Wûns kin definityf trochgean. De Raad van State hat woansdei it lêste beswier fan omwennenden tsjin de plannen ôfwiisd. Dêrmei kin nei goed fiif jier útein set wurde mei de bou fan de 80 meter hege mûnen.

It inisjatyf foar de mûnen komt fan de eigners fan tolve lytsere wynmûnen dy't ferspraad steane oer Wûnserdiel. Dizze mûnen wurde ôfbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)