Bou Fûgelkrite giet troch

04 jul 2000 - 13:25

Boalsert mei trochgean mei de bou fan de wyk Fûgelkrite. Dat besleat de Steatsrie moandei. Bewenners fan in monumintale pleats yn de buert hienen beswieren tsjin de komst fan 450 huzen.

De rie fynt dat Boalsert in groeitaak hat en it monumintale gebou bliuwt bewarre. De nijbouwyk is de lêste útwreiding fan de stêd neffens de plannen fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)