Bou fan Wierumer Aak

08 mrt 2005 - 10:39

Yn Peasens-Moddergat wurdt in echte âlderwetske fiskersboat boud: De Wierumer Aak. Museum it Fiskershúske wurket dêrfoar gear mei fiif Fryske gemeentes. Dy soargje foar minsken dy't op de spesjale werf oan de slach gean kinne. De wurknimmers komme út in groep dy't dreech oan wurk komme kin. By de bou fan it skip kinne se kennis opdwaan dy't har better tariede moat op wurk. Foar it Fiskershúske betsjut de boat foaral in ekstra publykslûker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)