Bou fan sunige seeskippen

24 nov 2009 - 06:56
  • Foto: ForestWaveNavigation

Rederij ForestWaveNavigation fan It Hearrenfean wol foar 72 miljoen euro seis miljeufreonlike seeskippen bouwe litte. De rederij is al twa jier dwaande mei de ûntwikkeling fan de skippen dy't folle suniger farre kinne en 60 prosint minder enerzjy ferbrûke as sy oan de wâl lizze. De skippen stjitte boppedat hast gjin útlitgassen út.

It earste sunige skip moat ein 2011 of begjin 2012 klear wêze, de oare fiif skippen ein 2012.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)