Bou fan sport- en moetingsplak yn Eastersee úteinset

25 sep 2015 - 18:06
  • Sportfjild

Lang om let is freed begûn mei de bou fan in sport- en moetingsplak yn Eastersee. Op it terrein oan De Akkers komme in sportfjild, skeelerbaan, kabelbaan en in fuotbalmuorre. Der wurdt al sûnt 2011 praat oer dit moetingsplak.

Pleatslik Belang Eastersee hat praat mei ynwenners en jongerein om ta in goed plan te kommen. De gemeente De Fryske Marren, Lyaemer Wonen, de provinsje en doarpsbelang Eastersee betelje mei oan it moetingsplak.

De bewenners wurkje sels mei oan de bou. It is noch net bekend wannear't it moetingsplak klear is, dat is mei ôfhinklik fan it waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)