Bou Esonstêd giet troch

02 jul 2004 - 13:50

De oanlis fan rekreaasjepark Esonstêd by Eastmahorn kin trochgean. De gemeente Dongeradiel is it iens wurden mei de provinsje en de Waadferiening, dy't beswier hiene tsjin de plannen.

Yn Esonstêd komme 240 fakânsjewenten. Der binne al twa modelwenten boud. Yn septimber wurde sleatten oanlein yn it gebiet. Twa moanne letter kin dan de mitselders oan de slach mei de úteinlike huzebou. Yn 2006 binne de earste húskes klear foar gebrûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)