'Bou De Wildeman dit jier'

23 apr 2013 - 15:12
  • Herberch De Wildeman

As alles meisit, kin De Wildeman op De Lemmer noch foar de simmer iepen en stiet der achter de herberch in nije winkel, mei in nij parkearterrein. De Lemster ûndernimmer Jaap van Rhee rint al jierren mei de plannen om en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Lemsterlân stiet der posityf tsjinoer.

De gemeenteried moat der noch wol oer te set. De winkel past net yn it besteande bestimmingsplan. Dat giet no noch út fan de realisaasje fan apparteminten en dy komme der net mear.

Van Rhee hopet dat de gemeenteried akkoart giet mei in oanpast plan en dat er net in nije proseduere hoecht te begjinnen. Yn dat lêste gefal rint syn plan op 'e nij fertraging op en kin der pas takom maaitiid boud wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)