Bou Campus Middelsee los

12 jun 2014 - 21:34
  • Campus Middelsee
  • Bouboerd foar de Campus Middelsee

Sint Anne krijt in nije skoalle foar it foartset ûnderwiis. Tongersdei is de bou offisjeel úteinset. It bysûndere fan de Campus Middelsee is dat it om in mienskiplike skoalle fan kristlik en iepenbier ûnderwiis giet. Der komme yn totaal 700 learlingen fan de CSG Ulbe van Houten, de CSG Commenius en de OSG Piter Jelles op te sitten.

Fierder krijt de Stichting Leerwerkplein Sint Annaparochie in plakje op de kampus. Doel fan it learwurkplein is in relaasje te lizzen tusken it ûnderwiis en de bedriuwen yn de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)