Bou bliid mei BTW-maatregel

10 jul 2013 - 20:22
  • Wenningbou

Tsientallen Fryske boubedriuwen en hoveniers hoege dit jier gjin personiel te ûntslaan troch de tydlike ferleging fan de BTW. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan Bouwend Nederland. De BTW-ferleging smyt in protte ekstra wurk op foar benammen de lytse en middelgrutte bedriuwen. Yn hiel Nederlân soe der yn totaal dit jier goed 600 miljoen euro oan ekstra opdrachten by dy bedriuwen binnen komme. De resultaten fan it ûndersyk binne opmerklik om't yn maaie der eins noch mar kwalik effekt fernaam waard fan de maatregel.

Neffens ûndersyksburo USP, dat it ûndersyk útfierd hat, binne it no benammen de bedriuwen yn de regio dy't bot fan de BTW-maatregel fan it regear profitearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)