Bou besikerssintrum tichterby

12 okt 2006 - 12:04

De bou fan it besikerssintrum by de Alde Feanen yn Earnewâld is wer in stap tichterby. De kolleezjes fan Boarnsterhim, Smellingerlân en Tytsjeksteradiel ha oan de ried foarsteld om in finansjele bydrage te leverjen oan it nasjonale park.

De fernijing fan it rekreaasjesintrum It Wiid moat sa'n 4,8 miljoen euro kostje. In grut part, sa'n 1,5 miljoen euro wie lykwols noch net binnen. Der is no noch in gat fan in heal miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)