Bou apparteminten stiet faai

13 okt 2008 - 20:03

Nei 5 jier fan planmakkerij giet de bou fan in appartemintenkompleks by it Abe Lenstra stadion mooglik net troch. Yn it kompleks soene 16 wenningen komme foar minsken mei in handikap. De bou rint gefaar om't de gemeente Hearrenfean op dat plak it nije Thialfstadion bouwe wol. In ûndersyk moat útwize oft de lokaasje geskikt is.

Hjirtroch kin der gjin definitieve boutekening ynlevere wurde en rinne se in subsydzje fan 1,2 miljoen euro mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)