Bou akwadukten by Ljouwert los

19 okt 2012 - 11:58

De provinsje is úteinset mei de bou fan twa akwadukten yn it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. Ien sit yn de Heak om Ljouwert by Ritsumasyl en ien by de westlike binnenkomst fan de Fryske haadstêd, by de Swettebrêge. Auto's en boaten sille hinder ûnderfine fan de bou, benammen by de Swettebrêge.

Yn 2013 wurdt begûn mei it tredde akwadukt, dat by de Drachtsterbrêge oan de súdkant fan Ljouwert komt. It akwadukt by Ritsumasyl wurdt midden yn it lân op it droege boud. It sil amper hinder opsmite. Alle projekten moatte yn 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)