Bou AH en Lidl Frjentsjer mei

07 mrt 2012 - 14:21

Der kin lang om let in begjin makke wurde mei de bou fan twa supermerken yn Frjentsjer. De Raad van State hat dêr grien ljocht foar jûn. It doel is dat oan de Ljouwerterdyk in Albert Heijn en in Lidl boud wurde. It terrein wie earder fan boubedriuw Burggraaff, mar nei it fallisemint fan dat bedriuw, is it oernommen troch Albert Heijn. De útspraak fan de Raad van State folget op in gelikese útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert. Supermerkkonserns C1000 en Jumbo woene de komst fan konkurrinten keare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)