Botsingen troch de mist

16 sep 2003 - 00:00

Troch de tichte mist ha der tiisdei 23 botsingen west. Tusken Drachten en Hearrenfean op de A7 botsten trettjin auto's op elkoar. Tusken Ljouwert en Drachten op de N31 wienen fjouwer botsingen.

Der wie fral blikskea. Acht bestjoerders rekken ferwûne en binne nei it sikehûs oerbrocht. By it ferkearsplein by De Jouwer rekke in frachtweinsjauffeur yn de knipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)