Botsing ynheljende brommer

20 sep 2007 - 10:28

In 16-jierrige brommerrider út Feanwâlden is woansdei yn Damwâld ferwûne rekke by in oanriding. De jonge helle op in fytspaad in groepke fytsers yn, doe't er oanriden waard troch in frou yn in auto. Dy soe in ynrit ynride, en hie de jonge oer de holle sjoen.

It slachtoffer is nei it sikehûs yn Dokkum brocht. De plysje wol graach witte wat der krekt bard is en freget de fytsers oft se harren melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)