Botsing yn swiere hagelbui

14 apr 2008 - 10:36
  • Frontale botsing yn hagelbui by Wommels (foto Jaring Rispens)

Der hat sneintemiddei in frontale botsing mei twa persoane-auto's west op de Westergoawei by Wommels. Dat barde yn in swiere hagelbui. In autobestjoerder helle yn mar rekke dêrby de macht oer it stjoer kwyt.

De auto slipte en botste op de tsjinlizzer. Dy besocht krekt in parkearplak op te sykjen fanwege de bui. De ynsittenden hiene snijwûnen troch rûnfleanend glês, mar rekken fierder net slim ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)