Botsing yn Kollumersweach

23 sep 2007 - 13:58

De plysje hat sneintemoarn yn Kollumersweach in frou (25) út Burgum oanholden. De frou ried yn har auto oer de Foarwei en botste achterop in oare auto. Se ried dêrnei achterút. De bestjoerder fan de oare auto tocht dat se útnaaie woe.

Hy rûn nei de auto en trape in rút yn. It die bliken dat de frou tefolle dronken hie. De plysje hat har nei it buro brocht. Se hat proses-ferbaal krigen en moast it rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)