Botsing yn Koatstertille

03 okt 2009 - 14:23

In 22-jierrige automobilist út Noardburgum is freed ferwûne rekke by in botsing yn Koatstertille mei in auto bestjoerd troch in 23-jierrige man út De Westereen. De Westerener woe fan de Koaiwei de Rykswei opride, mar seach dêrby de man út Noardburgum net. It slachtoffer kaam klem te sitten yn 'e auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. Hy is mei ferwûnings oan 'e nekke en 'e rêch nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)