Botsing yn Droegeham

02 jan 2011 - 13:17
  • (foto: Jan Beets 112nederland.nl)

De plysje ûndersiket in oanriding dy't sneontejûn yn Droegeham wie. In Kollumer (20) rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt yn in flauwe bocht.

Hy botste op in tsjinlizzer dy't bestjoerd waard troch in ynwenner (26) fan Stynsgea. De Kollumer glied troch en botste tsjin in beam. De sjauffeur en syn passazjier rekken ferwûne oan skonken, rêch en nekke. De oare wein kaam dwers op de dyk te stean. Dy sjauffeur kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)