Botsing troch yllegale rider

17 mrt 2011 - 10:08

In man út Ljouwert mei in ûnjildich rydbewiis hat woansdeitemiddei in oanriding feroarsake op de Swettestrjitte yn Ljouwert. In 30-jierrige ynwenner fan Aldebiltsyl rekke dêrby ferwûne.

De man mei it ûnjildige rydbewiis joech by it ôfslaan gjin foarrang oan de man út Aldebiltsyl. In botsing wie it gefolch. De feroarsaker fan it ûngelok is meinaam nei it plysjeburo. Syn auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)