Botsing troch roekeleas riden

03 apr 2011 - 15:06

In frou (61) út Drylts is sneon ferwûne rekke by in oanriding op de Herenweg yn Follegea. Se waard op in krusing fan achteren oanriden troch in auto bestjoerd troch in 21-jierrige man út Dronten. De auto fan it slachtoffer kaam op 'e ferkearde kant fan de dyk telâne. Dêr ried er tsjin de sydkant fan in frachtauto oan dy't fan de oare kant kaam.

De frou út Drylts en de man út Dronten moasten nei it sikehûs. Neffens tsjûgen hie de Drontner roekeleas riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)