Botsing troch hinderlike sinne

19 aug 2012 - 15:11

In 67-jierrige fytser út Drachten is sneontejûn op de Overstesingel ferwûne rekke by in oanriding. De man fytste op de fytsbrêge doe't in scooter, bestjoerd troch in 20-jierrige Drachtster, mei him yn botsing kaam. De 20-jierrige waard ferbline troch de sinne en hie de fytser oer de holle sjoen. De 67-jierrige waard mei ûnbekend letsel yn de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)