Botsing swangere frou

13 jun 2011 - 14:25

In frou-yn-ferwachting (19) út Surhústerfean is snein mei har auto op de A7 by De Gordyk achterop in oare auto riden. Se wie net goed wurden. De auto fan de man (34) út Gerkeskleaster klapte troch de botsing op de fangrail.

De bestjoerder moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Twa minsken by him yn de auto mankearden neat. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Drachten brocht. De swiere frou is dêr foar kontrôle ek hinne brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)