Botsing Suderhegewei Drachten

19 sep 2008 - 21:30

Yn Drachten hat freed in oanriding west tusken in auto-ambulânse en in taksy. Op de Suderhegewei rjochting Nijtap rieden de beide auto's neist elkoar rjochting de minyrotonde. By it opriden fan de rotonde rekken de auto's elkoar en rûnen flinke skea op.

De ferklearrings fan de sjauffeurs ferskille flink en de plysje siket dan ek tsjûgen fan dizze oanriding, sadat dúdlik wurdt hoe't de oanriding plakfûn hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)