Botsing: scooterrider ferwûne

03 nov 2014 - 11:13

In 20-jierrige scooterrider út Easterwâlde is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op It Hearrenfean. De man stuts fan in parkearterrein ôf de Stadionwei oer. In 42-jierrige automobilist út Aldehaske koe de scooterrider net mear ûntwike.

De scooterrider gie ûnderút en is mei ferwûnings oan búk en skonken nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)