Botsing by Ryptsjerk

07 nov 2006 - 11:30

Op de Ryksstrjitwei by Ryptsjerk is moandei in 31-jierrige automobilist út Burdaard ferwûne rekke. Nei alle gedachten is in 35-jierrige automobilist út Muntsjesyl troch it reade ljocht riden. In oanriding mei de automobilist út Burdaard wie it gefolch.

De Burdaarder is mei ferwûnings oan nekke en skouder nei it sikehûs brocht. De man út Muntsjesyl kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)