Botsing by rotonde De Jouwer

23 nov 2011 - 16:12

It ferkear op de A7 fan It Hearrenfean nei De Jouwer hat woansdeitemiddei by it ferkearsplein by De Jouwer lêst hân fan in botsing tusken twa auto's. Dy botsten oan it begjin fan de middei troch de tichte mist op elkoar. Ien fan de bestjoerders is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De sneldyk waard nei it ûngelok foar in part ôfsletten, wêrtroch't in file ûntstie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)