Botsing by oprit Wâldwei

12 sep 2011 - 09:46
  • Foto: Aukje de Hoop, Omrop Fryslân

By in ferkearsûngelok by de oprit fan de Wâldwei rjochting Drachten binne moandeitemoarn twa minsken beknipe rekke. Twa auto's botsten dêr opinoar. Ien auto klapte dêrtroch tsjin in peal oan. Twa minsken kamen fêst te sitten troch de botsing. De brânwacht hat beide slachtoffers út de auto weihelle.

By it ferfieren fan de twa nei it sikehûs rekke ien fan de ambulânses op it Drachtsterplein in auto. De plysje docht ûndersyk nei de oanridings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)