Botsing by oprit autodyk A7

07 okt 2006 - 14:42

In frou fan 82 jier út Oegstgeest is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding by Beetstersweach. Se siet by har man yn 'e auto dy't de oprit fan de A7 opride soe. Hy seach in oare auto oer de holle. Dy kaam út de rjochting Nij Beets en woe rjochttroch.

Nei de botsing kaam de auto fan de man út Oegstgeest tjin in peal ta stilstân. De frou is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)