Botsing op Westergoawei

09 jul 2009 - 10:54
  • Foto: JRF/Jaring Rispens

De Westergoawei by de ôfslach Kûbaard is op dit stuit ôfsletten foar ferkear. Der hat tongersdeitemoarn om njoggen oere hinne in botsing tusken twa auto's west. Dêr is floeistof by op de dyk telâne kommen en dat wurdt no noch opromme.

By it ûngelok binne twa minsken nei it sikehûs ta brocht mei ûnder mear ferwûnings oan de nekke. De plysje ferwachtet dat de dyk oer in lyts oerke wer frij is foar alle ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)