Botsing op Wâldwei

13 maaie 2006 - 13:48

In auto is freed op in bus botst op de Wâldwei. De bestjoerder, in 60-jierrige man fan De Westerein, is dêrby ferwûne rekke. By de bushalte by de ôfslach Burgum ried de bus de dyk wer op.

De Westereinder ried troch read ljocht. De man siet beknipe yn de auto en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy hie in stikkene foet en in brutsen earm. De bestjoerder fan de bus hie in seare earm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)