Botsing op spoar by Bûtenpost

06 jan 2010 - 21:04
  • De auto is oanriden troch de trein (foto: Jan Beets)

Op de spoaroergong by Bûtenpost is woansdeitejûn in auto skept troch in trein. De bestjoerder fan de auto kaam fêst te sitten op de oergong. Hy seach de trein oankommen en koe út auto komme. De trein botste dêrnei tsjin de auto en sleepte dy meters mei oer it spoar.

Doe't de plysje by it ûngelok kaam waard de autobestjoerder net goed en is yn de ambulânse oerbrocht nei it MCL. It treinferkear tusken Ljouwert en Grins kaam stil te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)