Botsing op ôfrit autodyk A7

17 jan 2008 - 10:00

By in ûngelok op de A7 by De Tynje is tongersdeitemoarn in frou ferwûne rekke. Se siet yn in auto dy't op 'e ôfrit De Gordyk oanriden waard. De bestjoerder fan dy auto hie net sjoen dat de oare wein stilstie.

Nei de botsing ried de auto de dyk wer op. Dêr rekken nochris twa automobisten by de oanriding belutsen. De ferwûnings fan 'e oare bestjoerders lykje ta te fallen. Troch it ûngelok ûntstie der in lange file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)