Botsing op ôfrit A32

08 jan 2013 - 09:54
  • De A32

By de A32 by Steggerda is moandeitemiddei in 39-jierrige automobiliste út Meppel ferwûne rekke. Se naam de oprit nei de sneldyk, mar kaam op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Dat wie de ôfrit fan dyselde autosnelwei. Dêr ried op dat stuit in 53-jierrige automobilist dy't de auto fan 'e frou net mear ûntwike koe. In botsing wie it gefolch.

De frou moast troch de brânwacht út har auto befrijd wurde. Se is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht. De oprit en de ôfrit fan de A32 hawwe in skoft ôfsletten west fanwege it ûngefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)