Botsing op A32 by Idaerd

30 jan 2011 - 15:24
  • De skansearre plysjewein (foto: Robertjan Boonstra)

By Idaerd rekken sneintemoarn ferskate auto's op de A32 yn botsing. Dat wie flak foar de oprit Snits. Der wie ek in plysje-auto by belutsen. De oarsaak is net bekend. It is ek net bekend oft minsken ferwûne rekke binne.

Der binne trije auto's fuortsleept. Letter is ek noch in wein ophelle dy't omkeard yn de boskjes stie. Ek de plysje-auto is ôffierd. It ferkear waard ûnder de berginsgwurskumheden omlaat fia Wytgaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)