Botsing by ôfslach Wurdum

05 apr 2009 - 13:41

By in botsing by de ôfslach Wurdum yn de A32 binne sneontemiddei trije auto's fernield. In 80-jierrige ynwenner fan Putten woe dêr ôfslaan en ried nei alle gedachten troch it reade stopljocht.

Twa oanstoarmjende auto's út de rjochting Ljouwert koene him net mear ûntwike en botsten der boppe op. De Puttenaar kaam mei de skrik frij. Beide oare automobilisten binne oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)